Ferlies Feanfroulju by Telstar

SC Hearrenfean © ANP
Yn de striid om it kampioenskip yn de BeNe League B ha de fuotbalfroulju fan SC Hearrenfean sneon djoere punten ferspile. Yn Velsen ferlearen de Feanfroulju mei 3-1 fan koprinner Telstar. Troch it ferlies is it ferskil mei de koprinner oprûn oant 6 punten.
Nei goed 20 minuten kamen de Feanfroulju op efterstân. Trije minuten letter stie ek de 2-0 foar de thúsploech op it skoareboerd. Nei rêst wreide Telstar de foarsprong fierder út. In treffer fan topskoarster Vivianne Miedema soarge úteinlik foar de einútslach.
Yn maart wûnen de Feanfroulju op eigen fjild mei 3-1 fan Telstar. De ploech fan Jessica Torny stiet mei noch ien wedstriid te gean op it 3e plak yn de BeNe League, mar kin de titelaspiraasjes farwol sizze.