Tsjerke-oargel Kimswert klear

It tsjerke-oargel yn de Laurentiustsjerke yn Kimswert kin wer bespile wurde. Tsien jier lang koe dat net, mar it is no restaurearre. Mei in konsert fan Theo Jellema is it freed offisjeel yn gebrûk nommen. It oargel komt út 1858 en is troch de Ljouwerter oargelbouwer Willem Hardorff makke. Neffens de ferneamde oargelkenner Jan Jongepier wie it in oargel fan grutte alluere. It oargel is foar de fjirde kear opknapt. De hiele restauraasje ynklusyf de tsjerke koste mear as in miljoen euro.