Westra twadde yn tiidrit

Lieuwe Westra © ANP
Lieuwe Westra hat yn de sechsde etappe fan de Ronde fan Kalifornië, in tiidrit oer krapoan 32 kilometer, in moai twadde plak helle. De hurdfytser fan De Tynje hie lang de bêste tiid. De Amerikaan Tejay van Garderen, de lieder yn it klassemint en sadwaande de lêste starter, waard winner. Van Garderen hie 48 minuten en 52 tellen nedich. Westra 49.15. De Australiër Rohan Dennis waard tredde yn 49.20. It parkoers gong op en del mei yn de lêste trije kilometer in klim mei in stigingspersintaazje fan 10 persint. Lieuwe Westra ried 38,5 km de oere.
Lieuwe Westra wûn ôfrûne snein de earste etappe. Moandei yn in berchrit mei temperatueren boppe de 40 graden hie er in misse dei.