Byld skonken troch pasjinten

Yn de tún fan Lyndensteijn yn Beetstersweach is tongersdei in byld ûntbleate dat skonken is troch tankbere eks-pasjinten fan Revalidatie Fryslân. It brûnzen byld hat as namme 'Leren lopen' meikrige. It byld lit sjen hoe dreech oft it is opnij rinnen te learen.
It inisjatyf komt fan âld-pasjinten trûbadoer Sytse van der Werf en Marïëlle Brouwer-Edes. Keunstner Hendrik Beekman hat it ûntwerp makke. Hy waard ek by Revalidaasje Fryslân behannele. De meiwurkers fan Revalidaasje Fryslân binne bliid mei it byld en se binne der ek troch rekke.
Direkteur Gerrie Eikelboom fan Revalidatie Fryslân neamde de aksje 'Ode aan de revalidatie' fan Beekman, Brouwer-Eden en Van der Werf 'unyk'. De 15.000 euro foar it byld hawwe de insjatyfnimmers sels byinoar brocht, ûnder oare mei benefytaksjes. It hat wol in pear jier duorre foardat al it jild der wie.