Bekeurings by ôffalkontrôle

By in ôffalkontrôle op de A7 binne juster 37 bekeurings útdield. Yn totaal 106 frachtauto's waarden fan de dyk helle. Se moasten parkearplakken by De Tynje op ride. De 37 bekeurde sjauffeurs krigen in proses-ferbaal. Sy hiene ûnder oare de truck ferkeard beladen of der wie rommele mei de tachograaf. Yn oare gefallen wie der technysk wat mis of de papieren wiene net yn oarder.
De Belestingtsjinst hat fjirtjin neiheffings oplein foar it ûntbrekken fan in Eurofinjet.
De kontrôle waard útfierd troch de Rykstsjinst foar it weiferkear, de dûane, de Nederlandse Voedsel- en Warenautoriteit en de provinsje.