EVT: gearwurking mei Doeksen

De Eigen Veerdienst Terschelling wol noch hieltyd wol gearwurkje mei rederij Doeksen by de feartsjinst nei Skylge. Dat seit de EVT yn in parseferklearring nei berjochten oer finansjele problemen by Doeksen. Dy rederij seit de wintertsjinstregeling oanpasse te moatten, omdat se ferline jier troch de konkurrinsje fan de EVT 2 miljoen euro ferlies makke hawwe. Dit jier soe dat 3 miljoen wurde.
De EVT is net fan doel op te hâlden mei de eigen feartsjinst, sa stiet ek yn de ferklearring.
De EVT wachtet de útspraak fan de kommisje foar berop en beswier ôf. Dy bûcht him oer de konkurrinsje op de feartsjinst nei Skylge.