'Krúske mei net op unifoarm'

It alvestêdekrúske wurdt foarearst net tastien foar miltêren. Dat seit wurdfierder Klaas Meijer fan it ministearje fan definsje tongersdei yn De Telegraaf. It alvestêdekrúske is koartlyn wol erkend as offisjele ûnderskieding, troch it ministearje fan ynlânske saken. Kening Willem Alexander hie it krúske ek opspjelde by de ynhuldiging yn Amsterdam. Dat betsjut neffens definsje net automatysk dat it krúske no ek tastien is foar militêren. It ministearje wol foarkomme dat militêren mei hiele rigen medailles op har unifoarm omrinne.
De Kanselarij der Nederlandse Orde komt noch mei nije ûnderskiedingsregels. Mooglik past definsje it belied dan noch oan, sa meldt de Telegraaf.