Wer skeel op Drachtster lyseum

Der is wer in konflikt tusken in dosint fan it Drachtster lyseum en de direkteur fan de skoalle. In dosint klassike talen hie in lilk mailtsje stjoerd nei de direkteur oer har funksjonearjen. It nijs is op de hiele skoalle bekend wurden.
De foarsitter fan it kolleezje fan bestjoer fan skoallemienskip Singelland, Pieter Schram, is dwaande mei in oplossing foar it konflikt. Hy wol net sizze oft de dosint op non-aktyf set is.
Ferline jier waard der op it Drachtster lyseum in gimmestyklearaar op non-aktyf steld nei in konflikt. By kollega's en learlingen makke dat doe in protte los; der waard doe in hantekenaksje hâlden om de learaar op skoalle te hâlden. Dat barde lykwols net, de man waard oerpleatst nei in oare festiging fan Singelland.