NK sânskulptueren yn Snits

De bêste Nederlânske sânskulptuermakkers komme ein juny nei Fryslân. Yn Snits wurdt dan it Nederlânsk kampioenskip sânskulptueren hâlden. Dit is ûnderdiel fan it sânskulptuerefestival dat fan 1 july oant ein septimber yn Snits hâlden wurdt.
De organisaasje ferwachtet dat 50.000 minsken op it evenemint ôfkomme sille. Der is keazen foar it tapaslike tema 'wettersport'. Goed 20 profesjonele keunstners út binnen- en bûtenlân sille skulptueren fan 1 oant 5 meter heech meitsje.