'Dagblad' wol net nei Fryslân

De redaksje fan it Dagblad van het Noorden wol perfoarst net ferhúzje nei Fryslân. Dit meldt RTV Noord. De redaksjes fan it Dagblad en de Ljouwerter Krante komme meikoarten byinoar op ien plak. It is it doel dat de sintrale redaksje yn Ljouwert komt. Ek Drachten is in mooglikheid.
De redaksjeried fan it Dagblad van het Noorden lit witte dat dy him ta it uterste fersette sil tsjin ferhuzing nei Fryslân. Foar de ried is Grins de iennichste opsje. Yn de rin fan de moanne wurdt dúdlik wat de ferhuzing foar de meiwurkers betsjutte sil.
Mooglik falle der in soad ûntslaggen.