Aldste hûs Snits wurdt opknapt

Stichting Oud Sneek hat it pand oan de Suupmarkt 10, dêr't boartersguod winkel Tum-Tummetje yn sit, opkocht foar restauraasje. It monumintale gebou út 1580 is neffens foarsitter Geert Jan Douma fan de stichting yn strieminne steat. Restauraasje is nedich om it âldste wenhûs fan Snits te behâlden. De hjoeddeistige eigener is útkocht.
Nei restauraasje bliuwt de bestimming fan it hûs gelyk: de boppeferdjipping bliuwt wengedielte en de ûnderferdjipping bliuwt beskikber foar in nije winkel.