Cambuurfeest sûnder problemen
It kampioensfeest fan Cambuur yn Ljouwert is neffens de plysje sûnder problemen ferrûn. Sa'n 6000 fans kamen op de huldiging yn it stadion ôf. De Cambuurspilers waarden rûn 2 oere nachts feestlik binnenhelle, neidat se weromkamen fan de wedstryd yn Rotterdam. Oant let yn de nacht wie it tige drok en gesellich yn en om it stadion. De plysje hoegde gjin inkele fuotbalfan oan te hâlden.