Mooglik spylminuten Djuricic
De kans is fyftich prosint dat Filip Djuricic snein yn de wedstriid tsjin FC Utrecht meidwaan kin. Djuricic foel twa wiken lyn yn de wedstriid tsjin Ajax út mei in hamstringblessuere. 'We hopen de play-offs te halen en daar moeten we ook rekening mee houden', sa seit Hearrenfean-coach Marco van Basten.
As Djuricic net meidocht spilet Rajiv van La Parra. Marten de Roon is sneon skorst. Foar him yn it plak spilet Lukas Marecek.