Ynbraak yn hûs Heijltjes
Yn Easterwâlde is yn de nacht fan tongersdei op freed ynbrutsen yn it hûs fan moardslachtoffer Marijke Heijltjes. Frou Heijltjes waard ferline jier septimber dea yn har hûs oantroffen. In man (33) út De Fochtel wurdt fan de moard fertocht.
De ynbrekkers kamen der yn troch in doar iepen te brekken. Buorlju fernamen dat der wat te rêden wie en warskôgen de plysje. Dy koe de fjouwer fertochten letter oanhâlde. It giet om in man en in frou út Haulerwyk en om twa Grinzers. Se sitte fêst. It is noch net dúdlik oft se ek wat meinaam hawwe.