Keamerlid komt op foar dôven
De polityk moat him mear ynsette foar de groeiende groep dôven en minsken dy't min hearre. Dat seit it nije Twadde Keamerlid Roelof van Laar. Hy wurket no noch by Fier Fryslân yn Ljouwert, mar begjint nei de maaiefakânsje as keamerlid foar de Partij van de Arbeid. Neffens Van Laar binne der yn Nederlân fierstente folle dôven mei in goede oplieding dy't fanwege har hendikep mar min oan de bak komme.
Van Laar wol foar harren opkomme. Hy fynt dat dôven no ûnfoldwaande 'yn byld' binne by de polityk en wol besykte dat te feroarjen.
Hy sil de kommende moannen foar syn partij in rapport skriuwe oer de posysje dan dôven yn Nederlân. De oerheid kin mear rekken mei har hâlde, troch ek mear iepen te stean foar moderne helpmiddels. Sa soe it mooglik wurde moatte om te skypen mei alarm-nûmer 1-1-2, omdat dôven net belje kinne.