Nasjonale Fierljepkompetysje

Der komt dizze simmer foar it earst in Nasjonale Fierljepkompetysje. De ljeppers fan Fryslân en Hollân woene mear ûnderlinge striid en it Nederlânsk fierljepbûn komt harren dêryn temjitte. De kompetysje bestiet út fjouwer aparte wedstriden, twa yn Fryslân en twa yn Hollân. Burgum hat op 7 juny de primeur, dêrnei folgje noch wedstriden yn Jaarsveld, Winsum en Linschoten.
It fierljepbûn wol it ljeppen mei it nije inisjatyf op in heger plan bringe en boppedat soargje foar ferbreding fan de sport.