Grypepidemy is foarby

Siik op bêd © Omrop Fryslân
De gryp is einlings it lân út. Dat docht bliken út de nijste gegevens van de Grote Griepmeting. De grypgolf hat úteinlik achttjin wike duorre. De lêste wiken wiene der folle minder meldings fan minsken mei grypferskynsels. Dat de gryp foarby is, betsjut net dat der hielendal gjin minsken mear mei gryp binne, mar der is gjin sprake mear fan in epidemy.
Yn de simmer binne der ek wol grypfirussen. Mar troch it waarme waar makket it firus minder slachtoffers en binne minsken der ek net sa siik fan as yn de winter.