Finsk raaskoar nei Ljouwert

It Ljouwerter muzykfestival City Proms wol mei help fan finansjele bydragen fan it publyk it Finsk raaskoar Huutajat nei Ljouwert ta helje. Neffens de organisaasje past in optreden fan dat koar goed yn Fryslân omdat hjir in soad leafhawwers fan metalmuzyk binne. It koar kombinearret dy muzykstyl mei klassyk.
It is foar it earst dat it festival mei help fan jeften fan publyk in optreden nei Ljouwert ta hellet. It festival wurdt hâlden op 21, 22 en 23 juny.