Strân Flylân ophege

Strânopheger by Flylân © Rykswettersteat
Rykswettersteat is klear mei it opheegjen fan it strân fan Flylân. Sûnt febrewaris is in miljoen kúb sân op it strân brocht, sadat it eilân de kommende jierren wer beskerme is tsjin de see.
It sân is oanbrocht tusken it strânpaviljoen en Dam 30 en by de jachthaven. It sân is út see helle troch in baggerskip, dat 350 kear syn lading op it strân ôflevere hat.