Fragen GrienLinks oer Caparis

Caparis
De fraksje fan GrienLinks yn de gemeenteried fan Eaststellingwerf wol mear dúdlikens oer it opstappen fan de direkteur fan Caparis. Wilko de Vreeze is opstapt om't er mooglik belutsen is by belangeferstrengeling. Sa soe er mei syn eigen bedriuw tsjin in fergoeding minsken by Caparis oan wurk holpen hawwe.
De partij wol ûnder oare witte wêrom't de ried net earder ynljochte is oer de stân fan saken. Op 7 maaie praat de gemeenteried oer de saak.