Gecellig smyt 47.000 euro op

De aksje 'Gecellig' hat mear as 47.000 euro opsmiten. Tachtich minsken lieten har sneon frijwillich opslute yn sellen fan de Blokhúspoarte yn Ljouwert. Se moasten dat 24 oeren folhâlde. Net ien fan de dielnimmers is ôfheakke. It frijlitten om 16.00 oere wie foar guon emosjoneel, guon seinen dat it in erfaring wie om noait te ferjitten. It ynsammele jild giet nei Fier Fryslân dy't slachtoffers fan húslik geweld opfangt. De organisaasje sjocht tefreden werom op de aksje en slút net út soks wer ris te organisearjen foar in oar doel.