Lemster snorfytser is djoer út

In Lemster snorfytser (41) is sneontenacht tsjin de lampe rûn. De plysje trappearre de man yn syn wenplak op it riden mei drank op. Nei in blaastest krige er in rydferbod. By neier ûndersyk die bliken dat syn rydbewiis al sûnt 2008 ûnjildich wie en dat de snorfyts net fersekere wie. Hy krige dêr in proses-ferbaal foar. De Lemster moast boppedat noch in iepensteande boete fan 70 euro betelje.