Man jout falsk jild út

De plysje hat sneontemiddei yn in kasino oan de Gedempte Molenwijk op It Hearrenfean in man oanhâlden dy't falsk jild útjoech. It giet om in 43-jierrige Ljouwerter. De man frege oan it personiel oft se in biljet fan 200 euro wikselje koene foar muntjild.
By kontrôle die bliken dat it biljet fan 200 euro net echt wie. Meiwurkers fan it kasino warskôgen de plysje. Dy hat de Ljouwerter oanhâlden. It falske biljet is yn beslach nommen. De man krige in proses-ferbaal.