Under ynfloed op 'e brommer

In Grouster (20) is sneontemoarn syn brommerrydbewiis kwytrekke. De man wie by in tankstasjon oan de Stasjonswei net goed wurden. Plysje en ambulânsemeiwurkers krigen him net wekker. Nei alle gedachten hie er GHB brûkt. Hy is nei it sikehûs brocht. De plysje hat it rydbewiis ynnommen om't er ûnder ynfloed fan drugs riden hie.