Tsjûgen socht fan mishanneling

De plysje siket tsjûgen fan de mishanneling fan in jonge fan 11 jier yn in park yn Easterwâlde. Tiisdeitejûn tsjin achten wie hy dêr oan it boartsjen. Hy seach in man dy't dêr syn herdershûnen útliet. Syn freontsje goaide in stôk dêr't de hûnen achteroan draafden. De jonge die dat ek, mar de eigener waard lulk en sloech de jonge yn syn gesicht. Hy foel en de man pakte him by de kiel. De jonge rûn ferwûnings oan syn gesicht op.