Dwerse gast yn Himmelum

In jonge (17) út Venlo is tongersdeitenacht yn Himmelum oanhâlden. Hy wie dêr mei skoalle yn in wettersportsintrum. De jonge wie de hiele jûn al dwers en de dosint hie him al in pear kear op syn gedrach oansprutsen. Doe't er net op bêd woe, gie it mis. It personeel koe de jonge mar krekt delbêdzje. Ien fan de meiwurkers krige dêrby in kopstjit. De plysje hat de jonge meinaam nei it buro.