Gjin heger berop saak Vaatstra

It Iepenbier Ministearje giet net yn heger berop yn de saak tsjin Jasper S., de man dy't ta 18 jier sel feroardield is fanwege de ferkrêfting fan en moard op Marianne Vaatstra. De belangrykste reden is dat in heger berop net yn it belang is fan de neibesteanden fan Marianne Vaatstra. De famylje Vaatstra hat sein dat dy rêst krigen hat troch de feroardieling fan Jasper S. De famylje leit him del by de straf fan 18 jier.
Ferline wike sei advokaat Jan Vlug fan Jasper S. dat sy net yn heger berop gean sille.