Appelskea hat 'sosjaal plein'

Appelskea hat sûnt woansdei in eigen sosjaal plein. Soarchgroep Liante, de bibliotheek, it jongereinwurk, pleatslik belang en de wrâldwinkel. Allegear sitte se yn de gebouwen fan wenningboukorporaasje Actium oan de Riemsoord.
It is dêrmei in moetingsplak foar hiel Appelskea en derom krige it sintrum fan de gemeente de namme Sosjaal Plein. Woansdei waard it 'plein' offisjeel yn gebrûk naam.