Postma lieder, Bouwmeester twa

Pieter-Jan Postma hat yn Hyères by it wrâldbekersilen de lieding naam yn de Finn. Yn de goudfloat, de bêste 34, besylde er in 3e, 2e en 7e plak yn de finaleraces. Postma hat mar ien punt foarsprong op de Brit Giles Scott en de Sloveen Vasilij Zbogar. Marit Bouwmeester kaam yn de Laser Radial ek trije kear yn aksje. Mei in 3e, 6e en 2e plak is de Wartenster no twadde yn de tuskenstân, twa punten achter de Finse Tuula Tenkanen. Sneon is de dûbele medaljerace yn de ferskillende klassen. De bêste tsien komme dan twa kear yn aksje.