Fryske literatuer op Buchmesse

Alpita de Jong sil as ambassadeur fan de Fryske literatuer nei de Frankfurter Buchmesse yn oktober. Se bringt dêr de Fryske literatuer ûnder de oandacht by bûtenlânske útjouwers. Dêrfoar makket se in kar fan tsien wichtige titels dy't spesjaal promoate wurde. Dy seleksje wurdt 27 septimber bekend makke op Tresoar. De brosjuere '10 Books from Friesland' wurdt ûnder Fryske boekhannels en biblioteken ferspraat.
De Jong makket diel út fan de Nederlânske delegaasje op de grutste boekebeurs fan de wrâld.
Alpita de Jong wurket oan in biografy fan Joast Halbertsma. Dêrnjonken is se oersetter en skriuwer foar ferskate letterkundige ynstellings. Yn 2009 promovearre se oan de Universiteit fan Amsterdam op de korrespondinsje fan de Fryske taallearde en skriuwer Joast Halbertsma (1789- 1869) mei oare Europeeske taallearden.