Byb Makkum kin iepenbliuwe
De biblioteek fan Makkum kin iepenbliuwe. De biblioteken fan Wytmarsum, Drylts en Koudum geane ticht. Dat stiet yn in nij besunigingsplan dat de biblioteken fan Súdwest Fryslân sels makke hawwe. Yn dat plan hoecht gjin 400.000 euro besunige te wurden, mar folle minder: 315.000 euro. De politike partijen PvdA, CDA, VVD en D66 fan de gemeente Súdwest-Fryslân, in mearderheid yn de ried, steane der achter.
Betingst foar de partijen is dat de biblioteek yn Makkum iepenbliuwt. Ferline jier oktober is dy biblioteek by in ferkiezing de twa-nei-bêste biblioteek fan Nederlân wurden. Woansdeitejûn wurdt yn de kommisjegearkomste fan de gemeente Súdwest-Fryslân oer de takomst fan de biblioteken praat.