Ljouwert oer weryndieling

Hoe moat Ljouwert omgean mei omlizzende gemeenten, dy't mei de haadstêd fusearje wolle? Dy fraach stie tiisdei sintraal op in diskusjejûn yn Ljouwert. De fraach is aktueel no't in part fan Boarnsterhim yn 2014 by de stêd komt en Ljouwerteradiel fjouwer jier letter. Yn de takomst sille mear plattelânsgemeenten lonkje nei Ljouwert. De ynfogearkomste foar riedsleden is betocht troch Sjoerd Feitsma fan de PvdA en Gijs Jacobse fan de NLP.