W'werf tinkt nei oer ûnderwiis

Skoalboerd © Omrop Fryslân
De gemeente Weststellingwerf sil oan de hân fan fjouwer ynformaasjejûnen mei de skoallen neitinke oer de takomst fan it basisûnderwiis. Alle basisskoallen yn de gemeente ha te krijen mei hieltyd minder learlingen. De prognoazes binne sa dat der spanning ûntstiet tusken de ûnderwiiskwaliteit en de ynstânhâlding fan lytse skoallen. De gemeente wol mei skoalbestjoeren wurkje oan in oplossing foar dizze problematyk. Yn totaal sitte 14 skoallen yn de gefaresône yn de gemeente.
Dan giet it foaral om skoallen yn de lytse kearnen. De fjouwer byienkomsten binne healwei maaie.