Mear treinen Ljouwert-Meppel

De tsjinstregeling fan de NS tusken Ljouwert en Meppel wurdt fan moandei ôf útwreide. Yn de spitsoeren sille de treinen dy't no tusken Ljouwert en Wolvegea ride trochgean oant Meppel. It is de earste oanset nei mear treinen tusken Ljouwert en Zwolle. Yn Meppel binne dan wer goeie oanslutingen nei Zwolle en Grins.
Mei yngong fan takom jier ride tusken Ljouwert en Meppel op wurkdagen oant jûns acht oere alle oeren in trein. Yn 2017 moatte der op it trajekt fjouwer treinen yn in oere ride.
Yn 2021 is it doel dat de treinen yn ien stik trochride tusken Ljouwert en Zwolle.