68 kandidaten gemeentesiktaris

By de gemeente Achtkarspelen hawwe har 68 kandidaten melden foar de fakatuere fan gemeentesiktaris. It kolleezje fan boargemaster en wethâlders is bliid mei it grut tal reaksjes.
Meikoarten selektearret it kolleezje fiif kandidaten. Sy wurde útnoege foar in earste petear, begjin maaie. Achtkarspelen ferwachtet begjin juny de namme fan de nije gemeentesiktaris bekend meitsje te kinnen.