Oprop foar Frysk keningsliet
Der is ek yn Fryslân in soad te dwaan om it keningsliet. Meiwurkers fan Hessel en Tess op Skylge dogge in oprop foar in Frysk keningsliet, no't komponist John Ewbank syn offisjele Koningslied weromlutsen hat nei krityk.
Friezen kinne harren oanmelde op anna@hessel.nl. De meldij fan it Fryske keningsliet is dy fan 'One heart' fan Hessel en Tess. It liet kin opnaam wurde yn de studio by kafee De Groene Weide. Alle talen binne tastien yn it Fryske keningsliet. Foar freed moat de tekst binnen wêze by de meiwurkers fan Hessel en Tess.
Sjonger Syb van der Ploeg lit yn in reaksje witte dat hy bot skrokken is fan alle krityk op Ewbank syn keningsliet. Hy hat dat sels mei ynsongen. Op 30 april soe it liet songen wurde foar Willem-Alexander en Máxima, mar foaral op de tekst kaam grutte krityk.
Njonken it nije Fryske liet binne der mear mooglike opfolgers fan it keningsliet fan Ewbank. Sa hat kaberetier Paul van Vliet in liet opnaam yn 'e studio by producer Michiel Hoogenboezem yn Wergea. De koarkes binne fan Mirjam Timmer, earder fan Twarres. Sjonger Dries Roelvink hat ek in keningsliet op YouTube set.