Bedriging nei lûdsoerlêst

De plysje hat sneintemiddei yn de Wassenberghstrjitte yn Snits in 47-jierrige man oanhâlden. Der wie in melding binnenkaam fan lûdsoerlêst. Doe't de plysje derhinne gie, bedrige de man syn buorlju. Hy is oppakt en ynsletten foar ferhoar.