Man bedriget portier yn Dokkum

De plysje hat sneontenacht in Dokkumer (19) oanhâlden yn in kafee oan de Oranjewâl. De man soe in portier mei de dea bedrige hawwe.
De man is dêrom oppakt en ynsletten. De 24-jierrige portier docht oanjefte fan de bedriging.