Crone: Plysje moat oefenje

Boargemaster Crone fan Ljouwert is der noch net hielendal gerêst op dat it noardlike plysjekorps no wol klear is foar kalamiteiten, lykas yn Haren. Neffens Crone moat der earst mar ris oefene wurde. Dan pas docht bliken oft de plysje en oare helptsjinsten der klear foar binne. Crone sei dat nei oanlieding fan in petear mei de noardlike plysjetop dat tongersdeitemoarn plakfûn.
Crone hat wol betrouwen yn de oanpak en reaksjesnelheid fan de Fryske plysje.