Skea poffertsjekream besjen

Underwetterdrone (argyffoto)
It Wetterskip moat opnij sjen nei de skea dy't in poffertsjekream yn Harns hân hat fan wurk oan de wetterkearing. Dat wie fan desimber 2008 oant juny 2010. De poffertsjekream seit yn dy perioade minder ynkomsten hân te hawwen en ek moast der faker skjinmakke wurde. It wol dêrom in bedrach fan hast 40.000 euro fan it Wetterskip. Dat wegere dat earder, omdat it fynt dat it om struktureel wurk giet dat de kream ferwachtsje koe.
De Raad van State is dat net mei it Wetterskip iens en fynt dat der binnen trije moanne in nij beslút komme moat.