Kazemattemuseum oer de kop

It kazemattemuseum yn Koarnwertersân wurdt oer twa jier folslein opnij ynrjochte. Alle kazematten wurde leechhelle wêrnei't alles in nij plakje krijt. It museum docht dat om mear ferhaal oanbringe te kinnen yn de eigen kolleksje.
By de oprjochting fan it museum yn de jierren 80 wiene net alle kazematten tagelyk beskikber. Ien foar ien waarden se frijmakke. De kolleksje is ek pas yn de rin fan de jierren kompleet wurden. De ynrjochting is dertroch makke op basis fan wat der beskikber wie. Dat is neffens it museum net mear fan dizze tiid.
It museum moat op 15 april 2015, as it 30 jier bestiet, wer klear wêze.