Man betrape mei ljipaaien

Ljipaai © ANP
Twa kontroleurs fan de provinsje hawwe sneintemiddei yn in stik lân yn Wynjewâld in man op de bon slingere omdat er ljipaaien meinaam hie. De man hie fjouwer ljipaaien by him. De kontroleurs seagen dat de man de aaien oppakte en joegen him in boete. De man wie ek gjin lid fan it BFVW. De ljipaaien binne yn beslach naam.
Ljipaaien meie yn Fryslân fan 1 maart oant 1 april socht en meinaam wurde. De kommende wiken binne der mear kontrôles fan de provinsje. De plysje docht dêr ek oan mei.