Ad van der Ham ferstoarn
Ald-fraksjefoarsitter Ad van der Ham fan it CDA yn provinsjale steaten is it ôfrûne wykein op 64-jierrige leeftiid ferstoarn. Van der Ham wie slim siik. Hy wie steatelid foar it CDA fan 1999 oant 2011. De lêste acht jier wie er ek fraksjefoarsitter fan de partij. Dêrfoar wie Van der Ham jierrenlang CDA-riedslid yn Smellingerlân.
CDA-foarsitter Douwe Tamminga typearrret Van der Ham yn in earste reaksje as in "gedreven, kristendemokraat, dy't loyaal oan syn partij wie." Dêrby hellet Tamminga it gedoochakkoart mei de PVV út 2010 oan.
Van der Ham wie in grut kritikus fan dit akkoart, mar bleau de partij trou en gie de diskusje fan binnen út oan.