Famke fan de sokken fytst

De plysje hat snein in 38-jierrige man fan It Hearrenfean oanholden omdat er yn syn wenplak in famke fan 13 jier fan de sokken fytst hie. Neffens tsjûgen ried er al slingerjend oer it fytspaad en botste hy dêrtroch tsjin it famke op. Sy foel mei de holle op de dyk en moast mei de ambulânse nei it sikehûs. De man rekke ferwûne oan de hannen.
Doe't de plysje de man oanspruts, waard er lulk en misledige er de plysjeman. Omdat de plysje in alkohollucht rûkte by de man waard er oanholden. Op it buro die bliken dat er tefolle dronken hie.