Soad belangstelling keningsbal
Der is in soad belangstelling foar de sulveren keningsbal út 1756. De bal wie dit wykein te besjen by Feilinghûs Ald-Fryslân yn Drylts. It giet om in útsûnderlik geve en fraaie keatspriis, dy't moandeitejûn om kertier oer achten hinne feild wurde sil.
De keningsbal is taksearre op tusken de seis- en achttûzen euro, mar it feilinghûs hâldt rekken mei in hegere opbringst. Machiel Dykstra fan Ald-Fryslân hopet dat de bal kocht wurdt troch in museum of samler út Fryslân, want it giet om in bysûnder stik kultureel erfguod.