Troch 'Sickoneurichheid' fuort

Sicko Heldoorn is fuortstjoerd as boargemaster fan Assen omdat er tefolle in PvdA-man bleaun is en net genôch boppe de partijen stiet, dat meldt it Dagblad van het Noorden op basis fan boarnen yn de gemeenteried.
Heldoorn wurdt nei seis jier boargemasterskip net opnij beneamd nei 16 stimmen tsjin en 14 foar syn werbeneaming. Neffens it Deiblêd stiet de boargemaster op it stêdhûs bekend om syn 'sickoneurichheid'. Hy soe ûnfreonlik wêze nei de amtners. Foar de bûtenwrâld komt it as in skok dat Heldoorn net opnij beneamd wurdt.
Heldoorn hat derfoar soarge dat de kazerne foar Assen behâlden bleaun is. Der binne gjin heikele kwestjes rûnom syn persoan.