Antonius sikehûs start ferbou

© Omrop Fryslân
It Antonius sikehûs yn Snits is freed fan start gien mei in grut tal bou-aktiviteiten om de soarch ek yn de takomst goed op peil te hâlden. It sikehûs krijt een saneamd 'spoedzorgplein', de ôfdieling foar âlden mei babys wurdt oanpakt en der wurdt ynvestearre yn nije en romme operaasjekeamers. It 'spoedzorgplein' sil 24 oere deis iepen wêze, sân dagen yn de wike. Njonken de dokterswacht en de earste help is der er romte foar de toskedokter en de apteek. De totale kosten fan de hiele operaasje binne 18 miljoen euro.