Gjin trochstart Gevelbouwgroep

De Gevelbouwgroep út Drachten krijt definityf net in trochstart. It is kurator Rotshuizen net slagge in partij te finen dy't oan alle easken foldocht. Benammen de bank wie net tefreden oer it bod dat der lei. En dat betsjut dat oer fjouwer wiken de goed 40 wurknimmers fan de Gevelbouwgroep op strjitte stean. Oant dy tiid moatte se noch wol oan it wurk, om de opdrachten dy't noch ôfmakke wurde kinne, ôf te meitsjen.