Nij fytspaad Terwiske-Elslo
Mei de iepening fan in nij fytspaad freedtemiddei yn Elslo is in 40 jier âlde winsk yn ferfulling gien. Foar sa'n 800-tûzen euro leit der no in fytspaad tusken Terwiske en Elslo en dat betsjut dat Appelskea no ek in stik better te berikken is mei de fyts.
It goed fiif kilometer lange paad is ûnderdiel fan de lânynrjochting Easterwâlde, Elslo, Appelskea. Earder is besocht it fytspaad oanlein te krijen mei help fan de gemeente, mar dat slagge net.
Tagelyk mei it fytspaad is ek in grut parkearterrein by in begraafplak opknapt en is it monumint foar in Joads wurkkamp better sichtber makke. Bern fan de basisskoallen fan Elslo en Langedike hawwe it paad iepene. De streek is der bliid mei omdat it goed is foar de rekreaasje en de feilichheid.