Frou rydt mei tefolle drank op

In 48-jierrige frou út de gemeente Lemsterlân is oanhâlden foar it riden ûnder ynfloed fan alkohol. De plysje krige in melding oer in iensidige oanriding op de Binnendyk by Rottum.
De bestjoerster rekke net ferwûne, mar it die bliken dat se tefolle alkohol dronken hie. Se krige in proses-ferbaal en har rydbewiis is yn beslach nommen.